Stipe foar MFA Eanjum
It doarp Eanjum krijt 40.000 euro fan it Oranjefûns foar de bou fan in nije multyfunksjonele akkommodaasje yn it doarp. Tsjerkegebou De Dobbe en in eardere supermerk wurde ferboud ta in húsdoktersintrum. Dêryn komme húsdokters, fysioterapeuten, in pedikuere en de thússoarch.
Ek de ferienings fan Eanjum kinne der gebrûk fan meitsje.