Flyers pakke twadde oerwinning

06 okt 2013 - 14:26
  • De Flyers wiene sneon folle sterker as Dordrecht

De UNIS Flyers hawwe sneontejûn yn en tsjin Eindhoven ek de twadde wedstriid fan it nije iishockeyseizoen wûn. Yn Eindhoven waard it 7-4 yn it foardiel fan de ploech fan trainer Chris Eimers. Joey Oosterveld spile lykas freedtejûn in haadrol yn de oerwinning. De Amsterdammer makke krekt as yn syn earste offisjele wedstryd foar de Flyers opnij trije goals. De oare treffers kamen op namme fan Nick Kuiper, Tony Demelinne, Kevin Bruijsten en Shawn Collymore.

Sneon 12 oktober komme de Flyers thús om 20.00 oere yn aksje tsjin Herentals.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)