Marsumer falt plysjeman oan

De Van Hiddemastrjitte yn Marsum © Google Streetview
De plysje hat snein in Marsumer(39) yn 'e boeien slein, neidat dy in plysjeman oanfoel mei in izeren piip. De plysje woe de man te wurd, omdat hy op 'e dyk in buertbewenster skopt en slein hie. De man die dat, omdat de buorfrou frege oft er wat minder leven meitsje woe.
Doe't de plysje syn hûs oan de Eets van Hiddemastrjitte yngie, sleat de man himsels op op de boppeferjipping. In plysjeman dy't tichtbij kaam waard oanfallen mei in izeren piip. De plysjeman koe de klappen mar krekt ûntwike. Mei help fan ekstra plysjes waard de man oppakt.
De plysje sil de geestlike tastân fan de man ûndersykje en beoardiele litte. Mooglik moat de man opnommen wurde.