Minder fûgels by fûgeltelling

06 okt 2013 - 13:41
  • Guozzen telle

By de jierlikse fûgeltelling binne sneon folle minder fûgels teld as ferline jier. Oarsaak wie dat it yn in grut part fan it lân dizich waar wie. Yn Fryslân wiene de waarsomstannichheden wol goed. Mei-inoar binne der yn Nederlân 241.000 fûgels teld en 187 soarten. Benammen kolguozzen binne in protte sjoen. In oare opfallende soart is de krúsbek.

Yn Fryslân wiene in protte fûgeltellers aktyf, ûnder oare by de Ljouwerter bosk. De fûgeltelling fûn plak yn fjirtich lannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)