Auto baarnt út yn Ljouwert

06 okt 2013 - 13:30
  • Brân yn persoane-auto yn Ljouwert

Yn de Gytsjerkstrjitte yn Ljouwert is sneontemiddei in Opel Corsa hielendal útbaarnd. De brânwacht wie der gau by mei twa tankautospuiten en krige it fjoer frij gau ûnder kontrôle.

De brân wie meld troch omstanners, dy't seagen dat de flammen út de auto kamen. De krekte oarsaak fan de brân is noch net bekend, mar brânstifting wurdt net útsletten.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)