Jonge slacht famke yn Ljouwert
Plysjeminsken hawwe sneontenacht in 23-jierrige Ljouwerter oanhâlden fanwege it slaan fan in 19-jierrich famke. De man soe it famke mishannele hawwe yn in hoarekasaak oan it Ruterskertier yn Ljouwert.
De plysje hat de fertochte ynsletten om fierder heard te wurden.