Aris wint fan Amsterdam

05 okt 2013 - 23:06
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Aris hawwe sneontejûn de earste kompetysjewedstriid yn sporthal it Kealledykje mei 80-70 wûn fan Amsterdam. De Ljouwerters kamen net yn de problemen tsjin Amsterdam, hoewol 't it spul noch wol wat wikseljend fan kwaliteit wie. Benammen yn it begjin tredde kwart liet Aris it wat sitte en koe Amsterdam tichtby komme. It earste kwart fan de wedstriid einige yn 26-15; it twadde yn 17-15 en it tredde yn 23-16.

Nije trainer Ed Molthoff wie tefreden oer it resultaat en it spul fan de foar it grutste part nije spilersgroep.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)