De Ruiter wurdt sterkste Fries

Kelvin de Ruiter fan Surhústerfean is sneon yn Boazum de Sterkste man fan Fryslân wurden. Hy wûn de ûnderdielen frachtwein lûken en de gewichterace. Dêrneist einige er as twadde by it beamstamtillen en boustienrinnen. De Ruiter wie boppedat oppermachtich op it finale ûnderdiel.
De Feanster nimt de titel oer fan Jan Wagenaar, dy't yn Boazum mei in knibbelblessuere útfoel by it ûnderdiel gewichterace en nei it sikehûs oerbrocht wurde moast. It twadde plak wie foar Arno Louwsma út Bitgum. Mohamed Zoundri fan Ljouwert waard tredde.
By de junoiaren gong de titel nei Gerrit Rabe út Nijlân. Jitse Kramer fan Ljouwert, de sterkste man fan Nederlân, kaam net yn aksje by it Frysk kampioenskip fanwege in eardere blessuere oan syn achillespees.