Manlju helje gokkasten leech

05 okt 2013 - 16:14

De plysje fan Frjentsjer warskôget foar trije manlju dy't gokkasten fan kafees leechhelje. Twa kafees hawwe oanjefte dien. It trio stekt in pear euro yn de kasten en wint dan de jackpot. De plysje tinkt dat de manlju in falske kaai hawwe om de kasten te iepenjen. Twa Frjentsjerter kafeebazen fan kafees oan de Skilkampen ha freedtejûn oanjefte dien fan stellerij út gokkasten.

De fertochten binne in blanke man fan 1.80 mei koart, donkerblond hier en in grize trui. De twadde persoan is wat lytser en hie in brune jas oan.

De tredde fertochte wie in bytsje kleure mei koart donker hier. De trije manlju sprutsen Nederlânsk en binne nei alle gedachten tusken de 25 en 30 jier âld. Minsken dy't wat sjoen hawwe of witte om wa't it giet wurdt frege om kontakt op te nimmen mei de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)