Streetparade yn Ljouwert

05 okt 2013 - 15:44

De Ljouwerter Taptoe hat sneon in jubileum. It grutte muzykevenemint wurdt dit jier foar de fjirtichste kear organisearre. Fanút it hiele lân dogge mei-inoar mear as 800 muzikanten fan alve orkesten oan it evenemint mei, seit Matthijs van Houten fan de organisaasje. Sneontemiddei is der in grutte strjitoptocht troch de Ljouwerter binnenstêd.

De taptoe sels is sneontejûn om healwei achten yn it WTC Expo. It is foar de lêste kear dat de taptoe yn Ljouwert op dizze wize organisearre wurdt. Fan takom jier ôf wurdt it in trijedaags evenemint.

Trefwurden: 
jubileum Taptoe streetparade
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)