Goud foar Sjinkie Knegt op EK

Sjinkie Knegt © EPA
Sjinkie Knegt hat op de earste dei fan it Europeesk kampioenskip shorttrack daliks taslein op de 1500 meter. De 22-jierrige Bantegeaster naam yn it Tsjechyske Mlada Boleslav yn de finale yn de lêste rûntsjes de kopposysje oer fan Niels Kerstholt en soe dy net mear ôfstean. Kerstholt pakte de brûnzen medalje, de Rus Semen Elistratov waard twadde.