Fuotbalfroulju oan de lieding

05 okt 2013 - 13:25
  • SC Hearrenfean

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean binne nei de 4-0 oerwinning op Club Brugge freedtejûn de nije koprinner yn de BeNe League. Op eigen fjild iepene topskoarster Vivianne Miedema nei twa minuten spyljen de skoare. Fierder kaam de thúsploech foar rêst net. Yn de twadde helte soarge ferdigenster Maruschka Waldus foar de 2-0. Yn de slotfaze soargen twa treffers fan opnij Miedema foar de romme oerwinning.

De ploech fan trainster Jessica Torny stiet mei 15 punten út 5 wedstriden boppe-oan yn de BeNe League. FC Twente folget mei 13 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)