Frou mishannele yn Drachten

Geweld © Omrop Fryslân
By spul op de Ljurkstrjitte yn Drachten binne yn de nacht fan freed op sneon trije minsken oanholden. In 46-jierrige frou en 51-jierrige man soene in 22-jierrige frou mishannele hawwe. Yn reaksje derop hat in 27-jierrige man út Drachten de oare man inkelde klappen jûn.
By de slaanderij rekke nimmen ferwûne. De plysje tinkt dat de belutsenen al langere tiid skeel hawwe.