Sterke seizoenstart Flyers

05 okt 2013 - 01:00

De UNIS Flyers binne de nije iishockeykompetysje freed poerbêst úteinset. De ploech fan coach Chris Eimers wol dit seizoen kampioen wurde, en yn it iepeningsduel tsjin de Geleen Eaters waard mei romme sifers wûn. Fia de perioadestannen 2-0, 4-0 en 2-0 waard it úteinlik 8-0. In opfallende rol wie der foar Joey Oosterveld. De Amsterdammer makke yn syn earste offisjele wedstryd foar de Flyers trije goals en waard ek man-of-the-match.

Sneon spylje de Feansters de útwedstryd tsjin de Eindhoven Kemphanen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)