Wisenten letter nei Skier

De komst fan kij, hynders en wisenten nei Skiermûntseach wurdt trochset, mar der falt noch wol te praten oer hoe't dat bart. Dêr wurdt ekstra tiid foar naam. Dat is besletten yn it oerlisorgaan fan Nasjonaal Park Skiermûntseach.
De wisent is in soarte fan Europeeske buffel. Op it eilân is diskusje oer de plannen. Sa binne der minsken dy't leaver edelharten hawwe wolle en der libje ek noch in soad fragen. De yntroduksje fan nije bisten moat foarkomme dat de dunen hielendal fol groeie mei planten en boskjes.
Yn febrewaris falt it definitive beslút oer de plannen. De ekstra tiid wurdt brûkt om noch in ynspraakjûn foar eilânbewenners te hâlden en in tal saken better út te sykjen.