Mei kamiel nei de winkel

04 okt 2013 - 11:02

In Grinslanner strykt de jildpriis op fan in ludike aksje fan de Makro yn Ljouwert. De gruthannel stelt op dieredei foar 1000 euro oan weardebonnen beskikber foar dejinge dy't as earste mei in kamiel delkomt. Kamielferhierder Willem Poelman út Mearum yn Ginslân waard platbelle troch minsken dy't wol in kamiel hiere woenen. Mar Poelman hie der sels ek wol earen nei en sette mei kamiel ôf nei Ljouwert. Om kertier oer seizen moarns stie er mei it bist by de winkel foar de doar.

De Dierebeskerming is bot op de kamielaksje op dieredei tsjin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)