Oranjewoud tenei Antea Group

Yngenieursburo Oranjewoud kriget in oare namme. It buro, dat sa'n sechstich jier lyn oprjochte waard yn Oranjewâld, hjit fan 1 jannewaris ôf Antea Group.
Sûnt de start binne der ferskate oernames fan oare bedriuwen dien yn binnen- en bûtenlân. Yn dat bûtenlân operearret it bedriuw al ûnder de namme Antea Group. Om in dúdlik byld nei bûten ta te jaan, wurdt de namme no ek yn Nederlân ynfierd. Dat betsjut net dat der wat feroaret oan de struktuer fan it bedriuw.