Denneboom nei Harkemase Boys

27 jan 2012 - 18:43

Romano Denneboom spilet de rest fan it seizoen by Harkemase Boys. De stifting sponsorgroep fan de Boys hat him nei sportpark De Bosk helle. De eardere spiler fan ûnder oare Hearrenfean, Willem II, NEC, FC Twente en Sparta moat foar de doelpunten soargje.

Mei de komst fan de spits hopet de sponsorgroep dat de Boys yn de twadde helte fan de kompetysje sa goed spylje dat se yn de topklasse bliuwe kinne. Denneboom sil sa gau as mooglik oan de slach by de Boys, mar sil sneon noch net meidwaan oan de wedstriid tsjin Excelsior'31 yn Rijssen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)