Mooglik mear ôffal yn REC-oven

04 okt 2013 - 08:18

Steatelid Jelle Hiemstra fan de partij Friese Koers is lulk op deputearre Sietske Poepjes. Hiemstra fynt it skandalich dat Poepjes de reststoffe-enerzjysintrale yn Harns tastimming jûn hat foar it ferwurkjen fan mear ôffal, fan 228 nei 280 ton.

Neffens Hiemstra kin dat net sûnder earst te besjen wat de gefolgen foar it miljeu binne. Dêrneist fynt Friese Koers de útwreiding net passen. REC-eigener Omrin hat in konvenant ûndertekene. Dêr't stiet yn dat ferbrâningsynstallaasjes oant 2020 de kapasiteit net útwreidzje mei.

Deputearre Sietske Poepjes seit yn in reaksje dat it om in foarnommen beslút giet dêr't noch beswier tsjin makke wurde kin. It konvenant dat Hiemstra oanhellet is neffens Poepjes net binend.

Trefwurden: 
REC Friese Koers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)