Rie Frjentsjer foar fúzje

04 okt 2013 - 06:19

De rie fan Frjentsjerteradiel hat tongersdeitejûn ynstimd mei in fúzje fan de gemeente mei Menameradiel, It Bilt en fjouwer doarpen yn Littenseradiel. De measte riedsleden stimden foar it foarstel, allinne de ienmansfraksje fan de ChristenUnie stimde tsjin. Riedslid Stelma sjocht gjin foardielen foar de ynwenners fan Frjentsjerteradiel yn de fúzje.

De FNP tsjinne in moasje yn om de namme fan de nije gemeente - Westergo - op syn Frysk te skriuwen, mar dy moasje krige net genôch stipe.

Trefwurden: 
Fúzje Frjentsjerteradiel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)