Bysûndere sporters huldige

03 okt 2013 - 19:27

Fiif ynwenners fan Smellingerlân dy't in bysûndere prestaasje levere hawwe, binne tongersdei yn it sintsje setten troch de gemeente. It is foar it earst dat de gemeente sa'n gearkomste hold en it is de bedoeling om dat faker te dwaan. Ynwenners fan de gemeente wurde oproppen om minsken oan te melden.

De earste ronde levere fiif oanmeldings op. It gie om twa dielnimmers oan de World Transplant Games, twa dielnimmers oan de mountainbike-alvestêdetocht en in kankerpasjint dy't 2500 kilometer troch Europa fytst hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)