Soargen Súdwest oer soarch

03 okt 2013 - 17:10
  • Help by it ôfwaskjen giet nei de soarchfersekerder.

De gemeente Súdwest Fryslân makket him soargen oer plannen fan it Ryk om de persoanlike fersoarging fan minsken oer te heveljen nei soarchfersekerders. It giet dan om bygelyks help by dûsen en de ôfwask; in plan fan steatssiktaris Van Rijn.

Yn in brief oan de leden fan de Twadde Keamer skriuwt wethâlder Tolsma dat hy it ûnbegryplik fynt dat dit ûnderdiel net oerhevele wurdt nei gemeenten lykas earst it plan wie. Dat betsjut foar de minsken dy't help nedich ha dat de kâns oanwêzich is dat se mei ferskate helpynstânsjes te meitsjen krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)