Fryske mûnen net yn de prizen

De wynmotor fan Munnekebuorren is yn de race foar de Molenprijs © www.molenprijs.nl
De Sturttjasker yn Ealahuzen en de wynmotor yn Munnikebuorren hawwe net de lanlike mûnepriis fan de Stichting Hollandsche Molen wûn. De haadpriis fan 90.000 euro foar in restauraasjeprojekt gong nei de mûne yn Hoonhorst.
Beide Fryske projekten krije wol in lytse subsydzje. Ealahuzen krijt goed 3600 euro en Munnekebuorren goed 5100 euro.