Plante-ambulânse is súkses

03 okt 2013 - 16:51
  • Plante-ambulânse

De formule fan de plante-ambulânse yn Drachten slacht oan. In jier lyn is it inisjatyf opset om ôfskreaune planten in twadde libben te jaan. Se wurde dan ophelle by de minsken thús mei de plante-ambulânse. Ek fersoargje se winteropfang fan bûtenplanten. Dy wurde dan yn de maitiid werombrocht by de eigeners.

Planten dy't se hâlde meie, wurde ferkocht. It mes snijt oan twa kanten, want it is ûnderdiel fan deibesteging fan DBO-soarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)