Alve partijen op list Ljouwert
Der dogge yn novimber alve partijen mei oan de gemeenteriedsferkiezings yn Ljouwert. Dat hat de gemeente bekendmakke. Nije partijen dêr't op 13 novimber op stimd wurde kin binne de Nederlandse Klokkenluiderspartij en de Libertarische Partij. De SP komt net werom yn Ljouwert.
De haadstêd fusearret nei de ferkiezings mei it noardlike part fan Boarnsterhim.