Eigeners stellen guod socht

03 okt 2013 - 14:52
  • Plysjejas

De plysje siket de eigeners fan in karre en sân fytsen. Dy waarden woansdei fûn op De Gordyk, nei in tip. Ut ûndersyk die bliken dat in 22-jierrige Drachtster de karre op De Gordyk parkeard hie. Hy is troch de plysje oanhâlden.

De man ferklearre dat er de fytsen stellen hie yn Easterwâlde, wêr't de karre wei komt wit de plysje net. By syn oanhâlding hie de man in karre by him dy't er stellen hie yn Nij Beets, dy karre is yntusken werom by de eigner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)