Rinsma State ferkocht oan Rus

03 okt 2013 - 14:00

Rinsma State yn Driezum is ferkocht oan in 52-jierrige bou-ûndernimmer yn Moskou. De rike Rus, dy't foarearst anonym bliuwe wol, hat it bûtenferbliuw kocht mei help fan de Burgumer ûndernimmer Auke Boskma. Hoefolle de man krekt foar Rinsma State betellet is net bekend makke, mar neffens de makeler giet it om in 'goeie deal'.

De fraachpriis wie 2,4 miljoen euro. De Rus is fan doel om Rinsma State te brûken as syn bûtenferbliuw. Rinsma State wie earder fan Dirk Scheringa, mar dy moast it lânguod ferkeapje doe't de DSB-bank fallyt gie.

De Rus sil freed de ferkeapakte tekenje by de notaris yn oanwêzichheid fan in beëdige tolk Russysk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)