'Ekonomy foarsichtich better'

It liket der op dat it optimisme oer de ekonomy wer wat tanimt, ek yn Fryslân. De ynkeapsifers fan bedriuwen rinne op en ek it Centraal Bureau foar de Statistiek lit wat positivere lûden hearre as wol west hat. Belizzingsadviseur Geert Schaaij fan belizzingsadvysburo Beursgenoten dielt dit optimisme.
Hy sjocht dat der mear útstjoerkrachten frege wurde en dat ûndernimmers wer yn de takomst leauwe. It giet allegearre noch stadich en foarsichtich. Mar it djiptepunt liket foarby seit Van Schaaij. Hy is ek optimistysk oer de Fryske regio.