Bêste oranjekoeke op It Fean

03 okt 2013 - 11:42

Bakkerij Lenes fan It Hearrenfean bakt de bêste oranjekoeke fan Fryslân. Dat is de útkomst fan it Frysk Kampioenskip. Woansdei waarden yn Frjentsjer de oranjekoeken fan 23 Fryske bakkers keurd. Neffens de sjuery wie de kwaliteit fan alle ynstjoerings goed. Dêrtroch siet der mar in dikke punt ferskil tusken de skoare fan de winner en de bakker dy't as lêste einige.

De winners fan de ôfrûne jierren einigen as twadde en tredde. It giet dan om de bakkerijen De Korenbloem yn Snits en Boonstra út Akkrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)