'Konst wist mear oer Thialf'

Deputearre Konst hat ynformaasje achterhâlden yn it debat oer in nij Thialf, dat seit de PVV yn de steaten. By it debat soe de deputearre al witten hawwe dat der in kompetysje mei Almere en Zoetermeer oan stie te kommen, mar hy fertelde dat de steaten net. Hie er dat al dien dan hie de PVV in oar beslút naam en neffens Otto van der Galiën fan de PVV hie ek in tal oare partijen dat dien.
Van der Galiën rekkenet Konst if ferswijen fan ynformaasje swier oan, mar wol noch gjin konklúzjes lûke. Dat wol er pas dwaan neidat de steaten yn novimber opnij oer Thialf praat hawwe.