Nij plak foar stel Bakkefean

03 okt 2013 - 06:12

It stel dat fan't simmer ûnder druk út Bakkefean fuort moast wennet sûnt in wike yn Drachten. Dêr binne se fan herte wolkom, sa seit boargemaster Van Bekkum fan Smellingerlân. Ek de buorlju fine it prima dat se dêr komme te wenjen. Ein augustus ûntstie der grutte reboelje yn Bakkefean, 50 minsken stiene by Bart en Tamara Waninge foar de doar om dúdlik te meitsjen dat sy fuort moasten. Se soene foar oerlêst soargje en de buert terrorisearje.

In moanne lang siet it stel yn in fakânsjehúske. No is foar har in plak fûn yn de Wiken yn Drachten. Geastlike sûnenssoarchorganisaasje de Pi-groep, hat him bot ynset foar de Waninge's. De Pi-groep hat dat dien om't sy fine dat in thús nedich is foar in goeie geastlike sûnens.

Trefwurden: 
Drachten Bakkefean stel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)