Gjin nij iepenloftspul Dronryp

Gjin iepenloftspul yn 2014 yn Dronryp, mar wol OXXPOP op dit plak.
Der komt takom jier gjin iepenloftspul yn Dronryp. Dat hat de kommisje woansdei bekend makke. Reden foar it beslút is dat de kommisje mei in lege kas te krijen hat. De ynkomsten binne achter bleaun trochdat der minder sponsorjild binnen kommen is en der wiene ek minder besikers as eardere jierren.
Yn it kommende jier wol de kommisje neitinke oer de ûntstiene situaasje en de organisaasje fan it Iepenloftspul en sil der socht wurde nei nije jildmiddels om yn 2015 wer in Iepenloftspul organisearje te kinnen.