Ynformaasjejûn oer dong-gefaar

02 okt 2013 - 21:16

In lytse 150 boeren en oare belangstellenden kamen woansdeitejûn ôf op in spesjale ynformaasjebyienkomst oer de gefaren fan dong. De byienkomst yn Donkerbroek wie in inisjatyf fan de famylje Lemmens út Makkingea. Harren soan Mark wie ein fan de trije slachtoffers fan it grutte dongsilo-ûngelok yn july fan dit jier.

De famylje wol sa elkenien waskôgje foar de gefaren en nije ûngemakken foarkomme, se wolle dat harren soan it lêste slachtoffer is fan it wurkjen mei dong.

It idee fan de famylje Lemmens om maatregels te nimmen om de risiko's fan dong lytser te meitsjen krige in soad stipe fan de oare boeren. Benammen it idee om it dak fan de silo's te heljen foel goed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)