Stoaring OV-chipkaartsysteem

02 okt 2013 - 18:39

It is sûnt de ein fan de woansdeitemiddei neg mooglik om de OV-chipkaart op te laden by de kaartautomaten fan de NS. Neffens de NS giet it om in lanlike stoaring. It is ek net mooglik om in abonnemint op de kaart te setten.

It bedriuw Trans Link Systems dat achter de OV-chipkaart sit, is dwaande mei it oplossen fan de stoaring, mar it is net bekend hoe lang de stoaring duorje sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)