Oare koers foar lanlik gebiet

27 jan 2012 - 16:51

Minder plannen meitsje en mear jild nei de útfiering fan konkrete plannen. Dat is ien fan de foarnimmens fan deputearre Johannes Kramer aa it giet om it lanlik gebiet yn Fryslân.

De ryksbesunigings op it plattelân komme hurd oan, dus moat it roer om by de provinsje. De soargen oer de takomst bliuwe lykwols grut. Bygelyks oer it agrarysk natuerbehear fan greidefûgelgebieten. Dat nimt it Ryk oer fan de provinsje en dêr makket deputearre Kramer him bot soargen oer.

Ek is der oerlis oer de 3500 bunder oan natuergebieten dy't Steatsboskbehear ferkeapje moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)