De Eendracht yn haven Harns

02 okt 2013 - 17:06

It opliedingssylskip De Eendracht wie woansdei yn de haven fan Harns. It skip is eigendom fan in stifting, dy't minsken yn de gelegenheid stelt om op see te silen. De stifting bestiet 75 jier en dêrom binne yn alle havens dêr't it sylskip komt iepen dagen hâlden. De Eendracht docht yn july 2014 ek mei oan de Tall Ships Race, dy't yn Harns start. Tsientallen grutte sylskippen dogge mei en jongeren kinne meifarre.

Trefwurden: 
Harns skip De Eendracht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)