Crone pleitet foar fleanbasis

It is yn it belang fan definsje dat de fleanbasis yn syn hiele hear en fear yn Ljouwert bliuwt. Dat sei boargemaster Crone fan Ljouwert woansdei yn Den Haag tsjin leden fan de fêste keamerkommisje foar definsje. Saakkundigen op allerhanne mêd koenen har miening jaan oer de nota oer de takomst. It kabinet wol in diel fan de taken fan de Ljouwerter fleanbasis oerpleatse nei de basis fan Volkel. Dat soe Ljouwert hûnderten banen kostje.
Crone fertelde dat it ferpleatsen kwalik besparrings opsmyt, mar wol wurkgelegenheid kostet.
Yn novimber debattearret de Keamer oer de plannen foar de kriichsmacht. Oer de komst fan de JSF folget takom jier in beslút.