Darter Hofstra nei Lakeside

Rick Hofstra yn aksje by de Six Nations Cup
Darter Rick Hofstra hat him pleatst foar de Lakeside fan 2014. It wurdt foar de Snitser de tredde kear dat er him pleatst foar dit offisjeuze wrâldkampioenskip darten. Yn 2004 en 2005 wie syn dielname net hiel súksesfol, de earste kear ferlear hy yn in spannende wedstriid fan Mervyn King. In jier letter wie Tony West te sterk foar him. No mei hy it opnij besykje yn Frimley Green.