Soad reaksjes op dokumintêre

Advokatekantoar Anker en Anker yn Ljouwert hat al sa'n 1000 reaksjes krigen nei de útstjoering fan de televyzjedokumintêre dêr't se oan meiwurken. Dy wie tiisdei te sjen by de NCRV. Wim Anker en syn kompanjon Tjalling van der Goot binne folge by har ferdiging fan Robert M., yn de grutste sedesaak yn Nederlân. Earder smiet se dat in soad negative reaksjes op, de reaksjes op de dokumintêre wiene foar it grutste diel posityf. De measte reagearders fûnen dat se in goed byld krigen fan wêrom't de advokaten M. ferdigenen.