Beswier oanlis dyk tawiisd

02 okt 2013 - 12:53

In bewenner fan Nijemardum hat fan de Steatsrie gelyk krigen yn syn beswieren tsjin de oanlis fan in tagongsdyk nei it nije bestimmingsplan Wytlân yn syn wenplak. De tagongsdyk krijt in oansluting op de Wytlânsdyk. De bewenner is benaud dat dy dyk te lyts is foar de taname fan it ferkear. De ried hat woansdei sein dat de gemeente de taname fan it ferkear earst better ûndersykje moat foardat de fergunning ôfjûn wurde mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)