'Lessen leare út silo-ûngelok'

02 okt 2013 - 11:35
  • De dongsilo yn Makkingea dêr't trije deaden foelen

Ut it dongsilo-drama yn Makkingea moatte lessen leard wurde en wêr't it kin, moat regeljouwing oanpast wurde. Dat sizze de neibesteanden fan Mark Lemmens, ien fan de trije deadlike slachtoffers fan it bedriuwsûngelok. Op it hiem fan syn âlden gie it op 19 juny hielendal mis. By it skjinmeitsjen fan de silo troch in spesjalisearre bedriuw rekken fjouwer man yn de silo, mar ien kin it drama neifertelle. De oaren binne oerfallen troch de ferneatigjende gassen dy't frijkomme binnen yn de ôfsluten silo.

Yn Donkerbroek is woansdeitejûn in ynformaasjegearkomste, organisearre troch de famylje Lemmens. Yn Bynt woansdei om 18.30 oere in langere reportaazje mei de famylje Lemmens te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)