Westerkeyn net mear by Oerol

Oerol op Skylge kin gjin gebrûk mear meitsje fan it sintrale festivalterrein Westerkeyn. De eigener wol it stik grûn by Formerum brûke foar de bou fan rekreaasjewenten. Doel wie oarspronklik dat Steatsboskbehear de twa hektare grûn oernimme soe en de eigener in oar stik terrein dêrfoar beskikber steld. De gemeenteried fan Skylge wol dêr lykwols net mei akkoart gean. Joop Mulder fan Oerol fynt it spitich dat de grûnruil net trochgiet. It kulturele festival hat mear as 18 jier fan Westerkeyn gebrûk makke.
Ferhúzje nei in oare lokaasje hat logistyk grutte gefolgen foar de organisaasje. Mulder hopet wol dat de gemeente technyske oanpassings fan in nij festivalterrein finansjeel stypje sil. Boppedat sil in soad jild stutsen wurde moatte yn in publisiteitskampanje. Mulder oerleit meikoarten mei Steatsboskbehear en de gemeente oer in nije lokaasje. Dy moat foar jannewaris bekend wêze, oars komt de Oerol-organisaasje yn 'e problemen.