Nije stien by poëzijrûte

02 okt 2013 - 10:48

De poëzijrûte yn Ljouwert is útwreide mei in 41ste stien. Dy leit by de yngong fan it nije Fries Museum oan it Wilhelminaplein. Op de stien stiet in gedicht fan de Fryske dichter Tsead Bruinja mei de titel 'It sizze oant it net mear jildt'. Bruinja droech it gedicht op 13 septimber foar by de offisjele iepening fan it museum troch Keninginne Máxima. De stien is troch de gemeente Ljouwert oanbean oan de stifting achter de rûte.

Dit is it fers fan Tsead Bruinja:

IT SIZZE OANT IT NET MEAR JILDT

wolst it bewarje
sadat it itselde bliuwt

wolst it bewarje
oant it mear wurdich wurdt

itselde dat wat wurdich bliuwt
wolst by dy hâlde

yn dy meidrage en sjen litte
en achter dy litte

omdat der wat nijs oankomt
datst ek bewarje wolst

de keet fol guod de hûd sa'n swiere winterjas
datst dy by it simmer deaswitst

en wêr sette wy dy dan del
aanst

en neist wa?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)