Berneboekewike begûn

02 okt 2013 - 10:35

De lanlike berneboekewike is woansdei begûn. It tema is 'Klaar voor de Start'. Yn Drachten heakket de biblioteek dêr op yn troch in spesjaal parkoers oan te lizzen wêrmei't de bern aktyf troch it gebou geane. Sa'n fyftich bern fan iepenbiere basisskoalle De Swetten wurken mei oan de iepening en spilen it stik dat basearre is op it berneboek 'It Mûzehûs, Sam & Julia en it sirkus' fan Karina Schaapman.

De berneboekewike duorret oant en mei 13 oktober. Op tal fan plakken, lykas yn boekhannels, binne ferskate aktiviteiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)