Dubliners live yn Noardewyn

02 okt 2013 - 10:09

De Dubliners binne woansdei live yn Noardewyn. De Ierske band spilet in oere lang yn it radioprogramma fan Omrop Fryslân. Se binne op toernee yn Europa ûnder de namme The Dublin Legends –Formerly of the Dubliners.

De muzikanten Sean Cannon, Eamonn Campbell, Patsy Watchorn en Gerry O’Connor spylje fan 14.00 oant 15.00. Dat konsert is streekrjocht te folgjen op radio en op deitelevyzje en www.omroplive.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)