Net mear delikten yn E'werf

02 okt 2013 - 09:00
  • Himp

Der is gjin sprake fan in taname fan it oantal swiere drugs- en geweldsdelikten yn Eaststellingwerf. Dat konkludearret boargemaster Oosterman nei in ûndersyk fan de plysje. De boargemaster liet it ûndersyk dwaan neidat yn Eaststellingwerf ûnrêst ûntstie omdat der yn koarte tiid twa moarden wiene, trije oerfallen en meardere wenningynbraken. Neffens Oosterman is der gjin relaasje fûn tusken de delikten.

Wol leit it tal hennepkwekerijen dat yn Eaststellingwerf oprôle wurdt heger as gemiddeld yn Fryslân. Neffens Oosterman komt dat omdat der mear kontrôle is. Ek wurdt allinne yn Eaststellingwerf in helikopter ynset by dy kontrôles.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)