Skarsterlân MKB freonlikst

02 okt 2013 - 07:45

De gemeente Skarsterlân docht yn Fryslân it measte foar ûndernimmers yn it midden- en lytsbedriuw (MKB). Dat blykt út in lanlike ferkiezing. Dêrby is sjoen nei de gemeentlike ynset om de regels foar lytsere bedriuwen te ferminderjen en om de belêstingen foar har sa leech mooglik te hâlden. Ek de kânsen dy't de bedriuwen meitsje op oanbestegingen troch har gemeente binne meinaam.

De ferkiezing waard foar de tredde kear hâlden, der diene 18.000 ûndernimmers yn Nederlân oan mei. Skarsterlân makket no ek kâns op de lanlike titel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)