Megagrutte harsens yn museum

01 okt 2013 - 21:32

De hjerstfakânsje stiet yn it Frysk natuermuseum yn Ljouwert yn it ramt fan it minsklike brein. Mei spultsjes, eksperiminten en proefkes kinne besikers útfine hoe't ús harsens no krekt wurkje en hoe't ús brein ús soms raar foar de gek hâlde kin. Yn it museum stiet in hiel grut model fan de harsens dêr't men trochhinne rinne kin. It model hat noch net earder yn Europa te sjen west.

Saken dy't oars allinnich troch in mikroskoop te sjen binne, kinne no mei it bleate each sjoen wurde. De tentoanstelling is oant 12 jannewaris 2014 te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)