Gjin nije kwestjes by Caparis

Der binne gjin nije gefallen fan belangeferstrengeling nei boppe kaam by sosjale wurkfoarsjenning Caparis. Dat konkludearret ûndersykburo BING, dat yn opdracht fan de acht gemeenten dy't by Caparis belutsen binne in twadde ûndersyk nei ûnrjochtmjittichheden útfierd hat.
Ut it earste ûndersyk die bliken dat direkteur De Vreeze mei syn eigen bedriuw twa eksterne meiwurkers by Caparis oan it wurk hie. Dat wie reden om ek oare geruchten oer belangenferstrengeling te ûndersykjen.
Dat is foar it grutste part slagge, al bliuwt ûndúdlik hoefolle ynterim-managers der no wier by Caparis wurke ha. Belutsenen partijen wegeren mei te wurkjen oan it ûndersyk.