Woudagemaal wike lang op stoom

01 okt 2013 - 19:32

It Woudagemaal op De Lemmer wurdt yn de hjerstfakânsje in pear dagen (22, 23 en 24 oktober) ûnder stoom brocht. It monumint is yn de hjerstfakânsje tusken 10 en 5 oere iepen foar publyk. Wetterskip Fryslân bringt it âlde stoomgemaal twa kear yn it jier ûnder stoom om it personiel op te lieden mei it gemaal te wurkjen. De minsken binne der dan op klear om it gemaal te betsjinjen as it mei heech wetter ynsetten wurdt.

It Woudagemaal is it âldste noch wurkjen stoomgemaal op de wrâld en sticht op de Wrâlderfguodlist fan UNESCO.

Trefwurden: 
De Lemmer Woudagemaal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)